
Rêst en
regelmaat makket soad gûlbabys stil
Op freedtejûn
giet faak de tillefoan by Afke van der Werf-Brouwer. Dan wurdt it de mem of heit
fan in gûlpoppe écht tefolle. Al wikenlang hazzesliepkes yn stee fan in
fatsoenlike nachtrêst. Berntsje deawurch, heit en mem net minder. Afke van der
Werf noeget harren út yn har praktyk op ’e Jouwer.
Afke van der
Werf is ferpleechkundige. Twa jier lyn begûn se mei in praktyk oan hûs. Neist
gûlbabys hâldt se har ek dwaande mei haptonomyske swangerskipsbegelieding en
babymassaazje.
Fansels, alle lytse poppen gûle wolris. Afke van der Werf jout dêrom in
definysje: ‘In gûlbaby is in poppe dy’t yn in perioade fan mear as trije
wike langer as trije dagen efterinoar mear as trije oeren deis gûlt.’
Hoefolle baby’s gûlpoppen hjitte meie, wit se net krekt. Mar it liket derop
dat it tal tanimt. ‘Foarhinne learden froulju faak fan harren eigen mem
hoe’t se mei in lytse poppe omgean moasten. Dy kennisoerdracht is minder
wurden. ’ En se hawwe de tiid net mei. ‘It tempo fan de âlders leit heech.
Lytse bern moatte hjoed de dei oeral mar mei hinne sleept wurde. It begjint al
mei de kreambesite: it popke giet fan de iene nei de oare, komt yn allegear
frjemde hannen.’ Foar wurkjende memmen hat Afke van der Werf respekt en se wit
dat it soms net oars kin, mar in bern dat trije as fjouwer dagen yn ’e wike
nei de berneopfang brocht wurdt, wurdt der net rêstiger op.
Medyske
oarsaak
Mar in oanklacht tsjin de âlders is fansels net har doel. De iene poppe is no
ienris ûnrêstiger as de oare en it is net altyd maklik om dêrmei om te gean.
De begelieding fan de wykferpleechkundige en de besites oan it konsultaasjeburo
binne somtiden net yntinsyf genôch om âlders op it goede spoar te setten. En
fansels kin it gûlen ek in medyske oarsaak hawwe. ‘By trije fan de hûndert gûlpoppen
is der lichaamlik wat mis’, fertelt Afke van der Werf. ‘By de berte kin de
nekkebonke skeeflutsen wêze, de poppe kin lêst hawwe fan maachsoer dat omheech
komt as de oansluting tusken de slokterm en de mage noch net goed wurket, of hy
kin koarts hawwe. De poppe moat ûndersocht wêze troch in dokter om al dat
soarte fan ôfwikings út te sluten.’
As der lichaamlik neat mis is, komt it hast altyd binnen in pear wike goed mei
in gûlbaby, is har ûnderfining. ‘De heit en mem komme hjir faak ien of twa
kear.
‘Ik freegje harren de klean fan ’t liif: wienen der bysûnderheden yn ‘e
tiid fan de swangerskip of by de befalling, wat yt de poppe, wannear en hoe
sliept hy of sy, hoe reagearret it berntsje op jim en wat dogge jim as it gûlt?’
Omslach
Der moat faak in omslach yn it tinken komme by âlders. ‘By
gûlen tinke wy oan fertiet. We tinke dat
we de poppe treaste moatte om it gûlen sa gau mooglik oergean te litten. In
soad âlders lizze it berntsje oer it skouder, begjinne der wat mei te rinnen en
op en del te widzjen en sizze ‘sss, sss’. De efterlizzende gedachte is
‘hoe krij ik de poppe stil’ yn stee fan ‘wêrom gûlt de poppe’?’
Dat lêste is fansels dreech te achterheljen by in lyts berntsje dat noch net
prate kin. Mar it is belangryk dat âlders harren bern de romte jouwe om no en
dan eefkes te gûlen. Afke van der Werf docht mei in plastyk pop foar hoe’t se
mei in gûlbaby omgiet dy’t troch âlders mei nei har praktyk nommen wurdt. Se
set de pop mei it gesicht fan har ôf op ’e skurte en hâldt de iene hân by
de pop op de búk en de oare ûnder ’t gat. ‘Sa joust de poppe romte. It gûlen
kin derút komme. It kin miskien wol in healoere duorje, mar dan sil it fansels
ophâlde. As âlders der oan ien tried wei troch op rjochte binne om it gûlen
ophâlde te litten, kroppet de lytse poppe it allegear op. In bern moat soms
gewoan even wat ‘fergûle’. Je moatte it fansels net oerdriuwe: it gûlen
hoecht net stimulearre te wurden, mar it moat wol de romte krije.’
As de heit en mem wakker rjochte binne op it ophâlden fan it gûlen, soarget
dat earder foar ûnrêst as foar rêst. ‘Guon âlders sizze: as se écht net
mear ophâldt fan gûlen, set ik har mar yn ’e auto. Nei in skoftsje riden
falt se altyd wol yn ’e sliep.’ Rêst, rêst, rest en regelmaat, riedt Afke
van der Werf sokke âlders oan. Dus de poppe yn it eigen bêd, gjin radio oan,
gjin mobile boppe de holle en net alle kearen derút as hy of sy gûlt. ‘Kinst
it berntsje fansels wol even de hân op ‘e búk lizze, dan wit it datst
yn ’e buert bist.’
In gûlende poppe kin foar âlders hiel konfrontearjend wêze. ‘Ferline wike
hat hjir noch in heit in hiel skoft sitten te gûlen. In gûlend bern kin fan
alles yn de âlders los meitsje.’ Se riedt âlders faak oan om it boek De
taal van huilen fan Aletha J. Solther te lêzen. ‘Dat giet oer fragen as:
wat kin de funksje fan gûlen wêze foar lytse poppen,wêrom rekket it my en wat
docht it mei my?’
Waskhantsje
Neist de gûlpoppen is der yn de praktyk fan Afke van der Werf in soad omtinken
foar haptonomyske swangerskipsbegelieding. Se hat de ôfrûne twa jier al sa’n
fyftich stellen begelaat. Dêr begjint se allinnich mar oan as de heit en mem
tegearre komme, want benammen de rol fan de heit is wichtich. By de haptonomyske
wurkwize stiet it oanreitsjen sintraal. Se leart it stel ûnder oare hoe’t se
beide al foar de befalling kontakt meitsje kinne mei it bern en se fertelt
hoe’t de man in aktive rol spylje kin by de befalling. ‘Hy kin folle mear
dwaan as de hân fan syn frou fêsthâlde en har mei in washantsje oer de
foarholle strike.’
Mear
ynformaasje oer de praktyk fan Afke van der Werf op www.tast-baar-baby.nl
Berber
Bijma